Op de Ald Dwinger krijt de natuer wer in kâns

Fryslân hat der in unyk stik natuer by. Mar do en ik meie it nea fan tichtby besjen. It giet om it eardere stoart de Ald Dwinger by natuergebiet de Alde Feanen. Dêr waard fan de jierren '20 oant ein jierren '60 fan de foarige iuw al it smoargens fan Ljouwert en omkriten stoart.
Yn de oarloch stoarte der in Lancaster bommewerper del. It ôfrûne jier is hurd wurke om dy te bergjen. As oantinken oan de omkommen bemanning komt der in sweltsjemuorre. Mar it belangrykste doel wie om de Ald Dwinger letterlik yn te pakken en ôf te sluten foar minsken.