Slachte siket busbegelieders

11 jun 2012 - 14:20

De organisaasje fan 'e Slachtemaraton siket frijwilligers om it busferfier goed ferrinne te litten. It giet om minsken dy't de rûte goed kenne. Se moatte op 'e bus meiride om foar te kommen dat bussjauffeurs ferdwale. Foarige kear sloegen guon sjauffeurs de ferkearde wei yn omdat se net bekend wiene yn dy omkriten.

De Slachtemaraton is takom sneon 16 juny. De tocht giet dizze kear fan Raerd nei Easterbierrum by de seedyk. Oan de tocht dogge 13.500 kuiderders en 1500 hurdrinners mei.

Trefwurden: 
Slachtemaraton
(advertinsje)
(advertinsje)