Tal reizgers mei Flixbus fan Drachten fertrijedûbele

23 jan 2018 - 11:29
Foto: ANP

It oantal reizgers dat yn Drachten op de Flixbus stapt, is it lêste jier trije kear safolle wurden, yn fergelyk mei 2016. De meast populêre bestimmingen binne Amsterdam, Hamburg en Bremen. Yn Drachten is mei foar de Flixbus in hiel nij busstasjon oanlein, it Transferium oan it Oerterpfallaat, tichteby de sneldyk A7. Flixbus biedt fan Drachten út direkte ferbiningen nei acht stêden, benammen yn Dútslân. Lanlik stapten twa miljoen minsken yn in Flixbus.

It hiele netwurk bestiet út 1.400 bestimmingen yn 26 lannen. It bedriuw makke oer 2017 foar it earst winst, en ferwachtet ek foar dit jier in útwreiding fan it oantal ritten en in stiging fan it oantal passazjiers.

Trefwurden: 
Flixbus Drachten ferfier
(advertinsje)
(advertinsje)