Kening Willem-Alexander op wurkbesite yn Snits

23 jan 2018 - 11:23

Kening Willem-Alexander wie tiisdei op wurkbesite yn Snits. De kening wie by ict-bedriuw Snakeware. Dêr hat er ûnder oare sjoen hoe't de Hololins wurket. De lins projektearret kompjûterplaatsjes op de echte wrâld. Hy prate ek mei it personiel oer hoe't Snakeware in bydrage leveret oan mear wurkgelegenheid yn Fryslân. It bedriuw stipet bygelyks skoallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis mei lêzingen en workshops. Bern kinne der ek snuffelstaazjes dwaan.

Earder op de moarn hat de kening it nije bedriuw EverUse iepene. Dêr wurdt isolaasjemateriaal makke fan papier, sûnder dat dêr ôffal by frijkomt.

(advertinsje)
(advertinsje)