Wethâlder Sierd de Boer leit tydlik syn wurk del

Sierd de Boer © Gemeente Eaststellingwerf
Wethâlder Sierd de Boer fan Eaststellingwerf leit foarearst syn wurk del. De Boer hat lêst fan sûnensklachten, hy is oerbelêste. De taken fan De Boer wurde ferdield oer de oare twa wethâlders fan Eaststellingwerf. It is net dúdlik wannear't Sierd de Boer weromkomt. Hy hat earder al oanjûn nei de ferkiezingen fan maart net beskikber te wêzen foar in nije perioade.