Aldskoatter (30) oanhâlden foar mishanneling

23 jan 2018 - 10:49

In 30-jierrige man út Aldskoat is moandei oanhâlden nei't er op It Hearrenfean in 30-jierrige man út Hoogeveen mishannele hie. It slachtoffer rekke troch de mishanneling op de Boargemaster Falkenawei ferwûne oan syn holle. De fertochte naaide út, mar waard letter yn de omjouwing oanhâlden.

Neffens it slachtoffer hold de fertochte op mei slaan doe't in stel stoppe en út de auto stapte. De plysje siket dit stel as tsjûge. De oanlieding fan de rûzje is net bekend.

Trefwurden: 
Aldskoat mishanneling plysje
(advertinsje)