Minister wol hurd optrede tsjin de fraude mei keallen

Minister Carola Schouten fan Lânbou sil hurd optrede tsjin boeren dy't sjoemelje mei de registraasje fan har melkfee. By kontrôles fan de Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit hat bliken dien dat seker 45 bedriuwen knoeid hawwe. Se registrearren kealtsjes as mearlingen, sadat it like dat der minder kij in keal krigen hawwe. Dat waard dien omdat foar in ko dy't gjin keal krigen hat de fosfaatútstjit minder swier jildt. Om hokker bedriuwen it giet is net bekend. Minister Schouten hat har maatregels oankundige yn in brief oan de Twadde Keamer.