Gjin F16's oer Fochtelerfean

11 jun 2012 - 13:59

Definsje sil net mei F16's oer it Fochtelerfean fleane by de TT yn Assen. Dat hat definsje moandei witte litten oan Natuermonuminten. De natuerorganisaasje is tige bliid mei it beslút.

De fleantugen soene de briedende kraanfûgels yn it gebiet fersteure kinne. Op dit stuit briede der fjouwer pearkes yn it natuergebiet. Dat is in rekôrtal, neffens Natuermonuminten.

(advertinsje)
(advertinsje)