Yn Fryslân wurdt in protte byles jûn

23 jan 2018 - 09:11
  • Andries de Vries fan it bylesynstitút

Der is hieltyd mear fraach nei bylessen yn Fryslân. Benammen foar de fakken wiskunde, skiekunde, natuerkunde, ekonomy en Ingelsk sykje âlden help foar harren bern. Sy hawwe der in soad jild foar oer om de sifers fan de bern omheech te krijen. Dat seit Andries de Vries fan it Abacus Bylesinstitút Fryslân. Op dit stuit binne der sa'n hûndert dosinten aktyf yn de provinsje. Fan in twadieling is neffens De Vries gjin sprake. Ek minsken mei in smelle beurs kieze foar byles.

Trefwurden: 
Byles
(advertinsje)