Langer iepen foar kondoleânse

© Jan Osinga
Tsjerke De Karmel yn Wâldsein is moandei en tiisdei ekstra iepen. Der kin dan in kondoleânseregister tekene wurde foar it gesin út it doarp dat ferline wike omkaam is yn Italië.
Dit wykein koe dat ek al dien wurde, mar bliken docht dat der noch mear belangstelling is. De tsjerke yn Wâldsein is dêrom moandei- en tiisdeitemiddei ek noch iepen fan fiif oant seis oere.