Kollum: "Skiednisterreur"

De Toan fan Willem Schoorstra

"As fegetariër wol ik dat it byld fan Us Mem yn Ljouwert fuorthelle wurdt. Dat stiet nammentlik foar it útrûpeljen fan bisten, foar it mishanneljen dêrfan en foar it ferhearlikjen fan kapitalisme. Dat kinne jim belachlik fine, mar foar my stiet it foar in perioade yn de skiednis dy’t útwiske wurde moat.

Leauwe jim my net? Gelyk ha jim. Want neat fan wat ik niis sei mien ik, noch is it wier. It sil jim grif net ûntgien wêze, de fûleindige diskusje oer de Byldenstoarm 3.0. In item dat al folle langer spilet, en troch it ferpleatsen fan de búste fan Johan Maurits van Nassau yn it Mauritshûs hielendal hyt is. It hat derfan dat ûnder druk fan in lytse groep aktivisten de Nederlânske skiednis werskreaun wurdt. It Mauritshûs is dêr in foarbyld fan, krekt as de J.P. Coenskoalle dy’t de namme feroarje wol, en bygelyks de publike debatjûnen yn keunstynstelling Witte de With oer in nije namme foar dy klup. En nee, dat lêste is gjin grap.

It Witte de With hat gjin eigen kolleksje dêr’t diskusje oer ûntstien is, it giet inkeld en allinne oer de namme fan de froegere seefarder: dy klinkt ommers as ‘witer as wyt’. As it net sa idioat wie soe men der om laitsje kinne. Lykwols is it in symptoom fan in proses dat al in skoft oan ’e gong is, benammen yn Amearika. Dêr wurde bylden delhelle fan generaals dy’t yn de eagen fan aktivisten ferkeard west ha.

Yn de dokimtêre rige Danny Demonstreert, dêr’t presintator Danny Ghosen in skoft radikale protestbewegingen yn folget, wie Danny op in stuit by de Freedom Fighters yn Amearika. In groep jonge aksjefierders dy’t striidt tsjin white supremacy en rasisme. Twa blanke jonges fan dy groep rekken by in byld fan in Súdlike soldaat –in Confederate– yn diskusje mei in passant. In eks-militêr, sa die bliken. Dy wie tsjin it delheljen fan bylden. Hy fertelde dat er meikoarten nei Normandië ta soe om ek by grêven fan Dútske soldaten lâns te gean. Hy frege de jonges oft dy grêven fuorthelle wurde moasten, omdat de Dútse soldaten oan de ferkearde kant stien hiene. Dêr hiene se gjin antwurd op.

Dat foarfal yllustrearre op heldere wize dat sokke kwestjes noait swart-wyt binne. Dyselde fêststelling waard ûnderstreke troch de oanwêzigens fan in donkere eks-militêr by ien fan de bylden, dy’t dêr wie om syn militêr ferline te betinken en te earjen. Dy man wie ek tsjin it ferwiderjen fan de bylden. De striid fan de konfederearre steaten gie foar in grut part oer soevereiniteit foar de federale steaten oer. In goeie saak. Likegoed stride in man as Robert E. Lee in striid dy’t ta gefolch hân ha soe dat slavernij bestean bleau. In minne saak.

Sa kompleks is it. It fuortpoetsen fan de skiednis mei de morele mjitstêven fan no soe men ‘skiednisterreur’ neame kinne. Skiednis is der om fan te learen, net om te werskriuwen of om út it kollektive ûnthâld en de publike romte te ferwiderjen. Wat wol barre moat is it skiednisûnderwiis ferbetterje. Oanfolje en alles beneame moat it kredo wêze. En mei it byld fan Us Mem yn de achterholle moat bygelyks it Fryske part yn de Nederlânske skiednis lang om let syn gerak ek krije. Want sa is it dan ek wol wer!"

23 jan 2018 - 7:30
(advertinsje)