Soargen oer nijbou Aldlânstate

23 jan 2018 - 07:23
  • Wurdfierder Yep Zeinstra

Omwenners fan Aldlânstate yn Ljouwert dy't soargen ha oer de nijbou fan it âldereinsintrum, hawwe harren hoop festige op de nije gemeenteriedsleden. Se hoopje dêr noch wat berikke te kinnen. Op in ynformaasjebyienkomst tiisdeitejûn wolle se harren beswieren nochris foarlizze. De omwenners binne benaud dat der in soad iepenbier grien ferdwynt by it Van Harinxmakanaal as de nijbouplannen trochgean. Aldlânstate wol 130 apparteminten bouwe tusken it âlde gebou en it kanaal. It besteande gebou út 1966 foldocht net mear oan de easken. De buorlju tinke ek dat der mear ferkearsoerlêst komt.

Trefwurden: 
Aldlânstate Ljouwert nijbou
(advertinsje)