Dryltsers troch brân harren hûs út

Bewenners fan guon huzen oan de Jonker Rispensstrjitte yn Drylts moasten yn de nacht fan moandei op tiisdei fanwege in brân harren hûs út. De brân ûntstie op de souder fan ien fan de wenten. De bewenners en harren húsdieren koene op tiid út harren hûs komme. Ut foarsoarch waarden de buorlju troch de brânwacht evakuearre. De brânwacht hie de fûle brân gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat der in soad skea ûntstie. De bewenners binne ûndersocht troch meiwurkers fan de ambulânse, mar hoegden net nei it sikehûs. Se binne op in oar plak ûnderbrocht.