Sipke Hulshoff: "Earste helte te slop en net skerp genôch"

23 jan 2018 - 06:27
  • Sipke Hulshoff
  • Nigel Robertha
  • Robbert Schilder

Cambuur-trainer Sipke Hulshoff wie nei it 3-2 ferlies yn Amsterdam tsjin Jong Ajax dúdlik yn syn kommentaar. "We kinne ússels allinne mar ferwite dat we de earste helte net skerp genôch wiene. We wiene te slop yn 'e duels en joegen fierste folle romte oan de tsjinstanner. SC Cambuur stie nei 25 minuten al op in 3-0 efterstân. "Dan sitte je op de bank en hoopje je mar dat it gjin 6 of 7-0 wurde sil."

Yn de twadde helte in oar Cambuur. Nigel Robertha makke mei syn twa doelpunten de wedstriid wer spannend. Tsien minuten foar tiid hie er miskien de lykmakker wol meitsje moatten. "Je moet 'm rustig binnentikken. Ik ben iets te wild in de afronding, verlies mijn hoofd en schiet ver over."

Freedtejûn spilet Cambuur alwer tsjin in belofteteam. Yn Spakenburg is Jong FC Utrecht de tsjinstanner. Robertha: "Het zijn geen leuke wedstrijden, maar het hoort erbij. En je moet ze winnen."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)