It giet min mei seldsume Fryske readbûnte kij

It giet striemin mei de seldsume Fryske readbûnte kij. It stamboekras telt noch mar 250 registrearre kij. De Stichting Behoud Roodbont Friese Vee sprekt fan in driigjende ramp en liedt de needklok. Se roppe feehâlders op om allegearre in pear readbûnte kij te hâlden, sadat it ras yn stân bliuwt. Fierder freegje se finansjele stipe foar bedriuwen dy't yn swier waar komme.
Benammen de fosfaatregeling, wêrtroch't boeren de lêste jierren fee ôffiere moasten, treft de lytsere boeren en de seldsume kowerassen. Der is noch wol Frysk readbûntbollesperma by de genebank, mar ideaal soe wêze dat der sa'n 5.000 eksimplaren omrinne yn de greiden.