Flo&Gro: hûs dat mei dyn harsens boartet

22 jan 2018 - 22:22

Swimme mei dolfinen, escape-rooms, games dwaan yn stress-sitewaasjes en omgean mei hichtefrees troch in VR-bril op in wolkeklauwer. Yn it nije Flo&Gro, oftewol Het huis dat met je hersenen speelt, is te belibjen hoe't je mear emosjonele bining mei je partner krije of omgean kinne mei stress of angst.

Moandeitejûn wie de iepening fan Flo&Gro yn de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert. In plak dêr't sûnens, ynnovaasje en digitale technology by-inoar komme. It is de wike fan e-Mental Health en minsken kinne fergees yn de kunde komme mei ideeën dy't it brein op positive wize beynfloedjze kinne. It Flo&Gro-hûs "dat mei dyn harsens boartet" is in ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd en is it hiele jier te besykjen.

Trefwurden: 
Flo&Gro
(advertinsje)