Cambuur ferliest nei strieminne earste helte fan Jong Ajax

Cambuur hat moandeitejûn ferlern op besite by Jong Ajax. Op sportkompleks De Toekomst waard it 3-2 foar de Amsterdammers.
De ploech fan Sipke Hulshoff spile in apatyske earste helte. Min útferdigenjen smiet de earste kâns op foar Jong Ajax en Mateo Cassierra sette syn ploech mei in moai skot op 1-0. Noa Lang soarge in pear minuten letter al foar de 2-0, nei't Cambuur op 'e nij de bal net goed fuortwurkje koe. Middenfjilder Carel Eiting makke der sels 3-0 fan. Grutter waard de skea net foar Cambuur, al krige Jong Ajax noch wol wat kânsen.
Nei it skoft stie der in oar Cambuur, dat mear yn te bringen hie. De earste kânskes wienen noch foar Jong Ajax, mar Nigel Robertha sette Cambuur nei in oare spyljen op it skoareboerd. Hy skeat raak by de twadde peal út in foarset fan Xander Houtkoop. Sai van Wermeskerken wie dêrnei ticht by de oanslutingstreffer. Syn foarset waard troch gjinien rekke en einige op 'e peal. Dochs waard it noch 3-2. Nei in moaie oanfal wie it wer Robertha dy't skoarde, op 'e nij op oanjaan fan Houtkoop. Yn de spannende einfaze gie Cambuur manmachtich op syk nei de lykmakker. De grutste kâns wie foar Robertha, mar yn stee fan syn tredde goal, skeat er wyld oer.
Dêrom bleau it by 3-2. Cambuur bliuwt op it 13e plak stean yn de Jupiler League. Takom freed spylje de Ljouwerters foar de tredde kear yn twa wiken in útwedstriid tsjin in belofteploech. Yn Spakenburg is Jong Utrecht dan de tsjinstanner.
Jong Ajax - Sportklup Cambuur: 3-2 (3-0) 11. Mateo Cassierra 1-0, 17. Noa Lang 2-0, 24. Carel Eiting 3-0, 63. Nigel Robertha 3-1, 76. Nigel Robertha 3-2
Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Sai van Wermeskerken, Matthew Steenvoorden, Robbert Schilder, Jordy van Deelen; Mathias Schils, Martijn Barto, Xander Houtkoop; Alvin Daniels (60. Ricardo Kip), Nigel Robertha, Kevin van Kippersluis (46. Darren Rosheuvel)