Ferkear moat wer rekken hâlde mei fertraging Ofslútdyk

22 jan 2018 - 21:44

Ferkear oer de Ofslútdyk fan en nei Fryslân moat fan tiisdei oant en mei tongersdei rekken hâlde mei fertraging. Rykswettersteat ynspektearret dan de brêge yn de noardlike rydbaan by it Lorentzkompleks by Koarnwertersân.

Dat betsjut dat tiisdei fan de jûnsspits ôf al it ferkear oer de súdlike brêge moat en der mar ien rydstrook is nei Noard-Hollân en nei Fryslân ta. Omdat it ferkear dan ticht byelkoar lâns rydt, giet de maksimum snelheid tydlik nei ûnderen. Yn stee fan 70 kilometer yn de oere, mei der mar 50 riden wurde. Rykswettersteat ferwachtet hjirtroch fertragings fan 10 oant 30 minuten en langere files wannear't de brêge iepen moat. De wurksumheden duorje oant tongersdeitemiddei fiif oere.

(advertinsje)
(advertinsje)