Gearwurkje foar mear bekendheid Waadgebiet as wrâlderfgoed

22 jan 2018 - 21:32

Der wurdt útsocht oft der gearwurke wurde kin mei ûndernimmers om it Waadgebiet as wrâlderfgoed mear bekendheid te jaan. Dat is ien fan de útkomsten fan in besite fan 40 bestjoerders, ûndernimmers, amtners en meiwurkers fan natuerorganisaasjes oan kollega's yn Noard-Dútslân. Sy woene útfinen hoe't de Dútsers omgean mei it wrâlderfgoed en toerisme.

Yn Dútslân binne grutte parten fan de eilannen ek ûnderdiel fan dat wrâlderfgoed. It gebiet wurdt beheard troch it Nationalpark Niedersächsisches Wattenmeer. Undernimmers kinne partner wurde fan it Nationalpark. Dêrfoar moatte se wol oan in tal betingsten foldwaan, lykas duorsum ûndernimme. De lokale VVV's promoatsje de ûndernimmers.

Waddenzee Werelderfgoed wol no ûndersykje oft soks ek yn Nederlân kin. Yn elts gefal soe in eask by alle nije aktiviteiten wêze moatte, dat dy duorsum binne. Ien fan dy nije aktiviteiten soe in jierliks trekfûgelevenemint wurde kinne, sa't se yn Dútslân al hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)