Minister: DINGtiid en oerheden moatte yntinsiver gearwurkje

22 jan 2018 - 21:16

In yntinsivere gearwurking tusken DINGtiid en oerheden liket nedich. Dat skriuwt minister Kajsa Ollongren fan Binnenlânske Saken. DINGtiid is it orgaan foar de Fryske taal en jout advys oan oerheden oer it Frysk.

Neffens DINGtiid hat de provinsje Fryslân net genôch foech oer it waarboargjen fan de Fryske taal en kultuer. Ollongren skriuwt yn in reaksje dat se DINGtiid útnûget om de belutsen bestjoersorganen, lykas gemeenten, te stypjen by it meitsjen fan regels en plannen.

No tongersdei oerleit DINGtiid mei de provinsje Fryslân en amtners fan it ryk.

(advertinsje)
(advertinsje)