Nij behear Waadsee moat werkenber en oansprekber wêze

Waadsee © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It is de bedoeling dat it nije behear fan de Waadsee begjin 2019 úteinset. De nije organisaasje moat slachfeardich en gesachhawwend wêze om foar alle partijen werkenber en oansprekber te wêzen. Dat skriuwe de ministers Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en Carola Schouten fan Lânbou yn in brief oan de Twadde Keamer.
Yn de nije behearautoriteit kin gjin sprake wêze fan sintralisaasje of desintralisaasje fan taken, stiet yn it brief. De Algemene Rekenkamer die yn 2013 ûndersyk nei it natuerbehear yn it Waadgebiet en konkludearre dat der net goed gearwurke wurdt.
De nije behearder is ferantwurdlik foar in bettere beskerming fan it gebiet. Neffens de ministers moat de nije organisaasje him net allinnich dwaande hâlde mei it natuer- en fiskbehear. Se skriuwe dat ek it tema wetter derby belutsen wurde moat.