Glêdens op Sintrale As komt troch iepen asfaltstruktuer

22 jan 2018 - 20:20

Glêde diken hawwe de ôfrûne dagen foar in opfallend oantal ûngelokken soarge op de Sintrale As. Snein gie it in tal kearen mis, mar ek ferline wike wiene der al ûngelokken. Meastentiids mei allinne materiële skea, mar soms moasten der ek minsken nei it sikehûs.

Neffens Keimpe Strikwerda fan de ôfdieling Provinsjale Wettersteat fan de provinsje hat dat te krijen mei de struktuer fan it asfalt op de Sintrale As. Dy asfaltstruktuer leit ek op de nije dyk fan Drachten nei Appelskea. "It foardiel fan dizze struktuer is dat it gelûdsredusjearend is en as it reint, is der minder spattend wetter. Mar it grutte neidiel is de glêdens yn de winter."

(advertinsje)
(advertinsje)