Ek beide Fryske winkels Kijkshop slute de doarren

© ANP
Alle santich winkels fan Kijkshop slute de doarren. Fryslân hat noch twa Kijkshops: ien op It Hearrenfean en ien yn Snits. De winkelketen hat al jierren te krijen mei flinke ferliezen. De Sweedske eigener freget tiisdei fallisemint oan by de rjochter, sa hat de ynvestearder witte litten.
Lanlik wurkje der sawat 400 minsken by de Kijkshop. Dy komme allegear op strjitte te stean.
It is neffens in wurdfierder fan de eigener no oan in kurator om te sjen oft der in ferkeap of trochstart mooglik is. Dy kin ek beslute dat de winkels tydlik wer iepengean as dat yn it belang is fan de ferkeap fan de ynboel.
De webside en it callcenter fan de Kijkshop binne tydlik ûnberikber.