Van Gelder: "PAL GroenLinks heeft niet slecht onderhandeld"

22 jan 2018 - 19:39

De nije wethâlder fan Ljouwert, Herwil van Gelder, fynt net dat syn partij PAL GrienLinks min ûnderhannele hat by de foarming fan it nije kolleezje. Dat sei er yn It Polytburo. PAL GrienLinks is de twadde partij yn Ljouwert en de iennichste kolleezjepartij dy't by de ferkiezingen yn novimber gjin stimmen ferlear. Likegoed krige Van Gelder net jeuchdsoarch yn portefúlje, in ûnderwerp dêr't er him de lêste jierren yn de Grinslanner gemeente De Marne yntinsyf mei dwaande hâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)