FIDEO: Karateka Van Lokven wol nei de Olympyske Spelen 2020

Samantha van Lokven út Ljouwert waard snein foar de sânde kear Nederlânsk karatekampioen op de dissipline kata. Yn 2020 stiet karate foar it earst op it programma op de Olympyske Spelen, dy't dan yn Tokio hâlden wurde. Dêr wol Van Lokven fansels by wêze. "Ik wil het ultieme bereiken en daar alles voor doen", fertelde se moandei yn Fryslân Hjoed. Dan moat se de kommende jierren ek ynternasjonaal prestearje, mar sy krijt noch gjin finansjele stipe fan sportbûn NOC*NSF. "Ik moet het zelf financieel ophoesten. Ik ben begonnen met een crowdfundingcampagne op Talentboek, om zo naar de internationale meetmomenten te kunnen gaan."