Klachten oer troch read ljocht riden by rûnwei De Lemmer

22 jan 2018 - 18:19

By de gemeente De Fryske Marren en by de provinsje binne meardere klachten binnenkaam oer automobilisten en frachtweinsjauffeurs dy't by de wurksumheden oan de rûnwei fan De Lemmer troch read ride.

Fanwege it wurk steane de ferkearsljochten tydlik oars ôfsteld en moatte bestjoerders wat langer wachtsje as oars. Foar guon sjauffeurs is dat reden om troch read te riden en dat soarget somtiden foar gefaarlike situaasjes op de rûnwei fan De Lemmer.

De provinsje hat de plysje frege om wat faker te kontrolearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)