Sloop Marijke Hiem op It Hearrenfean set útein

22 jan 2018 - 17:58

Mei in soad leven en kabaal is moandei op It Hearrenfean de sloop fan Marijke Hiem úteinset. Marijke Hiem is in wenfoarm fan de Meriantgroep foar kwetsbere, âlde minsken, benammen mei alzheimer.

De bewenners binne tydlik ûnderbrocht yn Herema State, dat sa'n trije kilometer fiederop leit. Yn Herema State presintearre arsjitekt Michael Bol ek it ûntwerp fan it nije gebou dat it karakter krijt fan in doarp mei meardere 'hofkes'.

Ein dit jier giet de nijbou los en Meriant hopet it nije Marijke Hiem dan in jier letter yn gebrûk te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)