"Ynternasjonale belangstelling Kulturele Haadstêd enoarm"

22 jan 2018 - 17:39

De ynternasjonale belangstelling foar Ljouwert-Fryslân as Kulturele Haadstêd fan Europa is enoarm. Dat seit Jelle Burggraaf fan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd. Dit wykein is de offisjele iepening en der binne sa'n fyftich ynternasjonale media dy't dêr spesjaal foar nei Ljouwert ta komme, seit er.

Burggraaff is fanút de organisaasje ferantwurdlik foar de ynternasjonale kontakten. It binne net allinne sjoernalisten dy't har by him melde, seit er: "De professionals fan oare Kulturele Haadsteden, ús kollega's, dat is in groep fan 60 persoanen. Dat is echt 'ongekend'. En dan komme der ek noch minsken fan oare kandidaat-Kulturele Haadstêden."

(advertinsje)
(advertinsje)