Seis gadingmakkers foar Fryske ûndernimming fan it jier

22 jan 2018 - 16:57

Foar de titel Fryske ûndernimming fan it jier binne dit jier seis gadingmakkers. It giet om Aquatec Industries út Wâldsein, JD Engineers út Aldeouwer, Sidijk fan It Hearrenfean, Kooi Security út Drachten, SPiTS út Easterwâlde en Paques Holding út Balk. Paques wûn de ferkiezing yn 1990.

In sjuery bûget him op dit stuit oer hoe't de bedriuwen har strategy bepale en hoe't se ynnovearje. Begjin maart presintearje de ûndernimmingen har oan de sjuery. Dan wurde trije finalisten keazen. By de finale op 10 april wurdt dúdlik wa't de Fryske ûndernimming fan it jier wurdt. Ferline jier wûn Probo út Dokkum de titel.

(advertinsje)
(advertinsje)