Flinke útoerwinning foar beloften sc Hearrenfean

© www.orange-pictures.nl
De beloften fan Sportklup Hearrenfean ha moandeitemiddei mei 4-0 wûn op besite by Heracles Almelo. Yn it Polman Stadion yn Almelo skoarden Jizz Hornkamp en Marco Rojas twa kear.
Healweis de earste helte kaam Hearrenfean op foarsprong. Dêrfoar hie Heracles al in kear de peal rekke. Hornkamp soarge foar de 0-1. By it skoft wie it al 0-3, nei in goal fan Rojas en de twadde fan Hornkamp. Nei in lyts oere spyljen fergrutte Rojas de foarsprong fan Hearrenfean noch.
Troch de oerwinning giet Hearrenfean foarby Heracles yn 'e stân. De ploech fan Chris de Wagt stiet mei boppe-oan. Krekt as Jong NEC ha de Hearrenfeanbeloften 16 punten út 7 wedstriden.