Laagvliegroutes NEE net by kontrôle miljeurapportaazje

22 jan 2018 - 16:49

Aksjegroep Laagvliegroutes NEE docht net mei oan in ûnôfhinklike kommisje dy't de miljeurapportaazje fan Lelystad Airport kontrolearje moat. In delegaasje fan ynwenners út fiif provinsjes sil yn in kommisje toetse oft oan alle betingsten foldien wurdt troch it fleanfjild. Op basis fan dat advys moat dan sjoen wurde oft it fleanfjild op 1 april 2019 iepen kin.

Laagvliegroutes NEE sil net meidwaan oan dizze delegaasje om't neffens harren de iepeningsdatum fan it fleanfjild net besprekber is.


 

(advertinsje)
(advertinsje)