Minister Schouten praat mei Frankryk oer pulsfiskjen

22 jan 2018 - 16:19

Minister Schouten praat mei Frankryk oer de takomst fan it pulsfiskjen. It Europeesk Parlemint hat ferline wike foar in ferbod stimd, foaral ûnder druk fan Frankryk. Nederlânske fiskers ha miljoenen ynvestearre yn de nije technyk. Dy soarget foar minder skea oan de seeboaiem en ek brûke skippen minder brânstof. De Frânske fiskers sjogge der neat yn en ha bot tsjin it pulsfiskjen oan it lobbyen west.

No't it Europeesk Parlemint in ferbod wol, driget dat in grut part fan de Nederlânske fiskers de kop te kostjen. Se ha moandei krisisoerlis hân mei minister Schouten. Se praat ynkoarten wer mei har Frânske kollega.

(advertinsje)
(advertinsje)