Norofirus noch net ûnder kontrôle yn Beuckelaer

22 jan 2018 - 16:13
Soarchsintrum Beuckelaer yn St. Anne - Foto: Zorgcentrum het Bildt

Yn fersoargingshûs Beuckelaer yn Sint-Anne binne noch altiten maatregels nedich om it norofirus derûnder te krijen. It fersoargingshûs hat al hast twa wiken te krijen mei dy foarm fan búkgryp. Bewenners bliuwe sa folle mooglik yn har appartemint, se ite en kofjedrinke net mei elkoar.

Famylje wurdt frege om sa min mooglik op besite te kommen. It personiel tinkt ekstra om de hygiëne, dan giet it foaral om goed hannen waskje. Op it heden binne der noch in stik as fiif bewenners siik. Mei elkoar ha hast 70 bewenners en personielsleden siik west troch it norofirus.

Trefwurden: 
norofirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)