Earste nammen foar Welcome to the Village 2018 bekend

22 jan 2018 - 16:01

It Ljouwerter festival Welcome to The Village hat de earste grutte nammen bekendmakke fan de acts dy't komme. It binne Mark Lanegan, Motorpsycho en (de yn Fryslân opgroeide) Thomas Azier. Fierder binne ek fêstlein: Warhaus, Strand of Oaks, Mykki Blanco, Ryley Walker, The Subways, Declan McKenna, Torres, Birth of Joy, Kuenta i Tambú.

It festival begjint tongersdei 19 july mei in preparty en duorret oant en mei snein 22 july en is yn de Griene Stjer by Ljouwert. Neist (poadium)keunst is dit jier ek in soad omtinken foar ynnovaasje by DORP. Dit jier falt de camping ûnder it behear fan de organisaasje en dy sil tichter by it terrein komme. De foarferkeap begjint 28 jannewaris.

Mark Lanegan:

Thomas Azier

Motorpsycho

(advertinsje)
(advertinsje)