Bewenners Drachtster wyk De Trisken op paad mei dielauto

22 jan 2018 - 15:32

Bewenners fan de wyk De Trisken yn Drachten kinne ynkoarten op paad mei in dielauto. De auto is elektrysk en is beskikber steld troch ferfiersbedriuw Arriva. Hy rydt allinne yn de gemeente Smellingerlân. In groep frijwilligers is drok dwaande mei de tariedingen. Se krije dêrbij stipe fan ûnder oare de gemeente Smellingerlân en de provinsje.

Trefwurden: 
Drachten De Trisken dielauto
(advertinsje)
(advertinsje)