Iepening LF2018: ferhalen yn winterwaarme sfear

It jier 2018 is krekt úteinset en de offisjele iepening fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd komt hieltyd tichterby. Op sneon 27 jannewaris stiet de offisjele iepening mei it keninklik pear op it programma. Mar foar't it safier is, is op freedtejûn 26 jannewaris it earste evenemint: '2018ferhalen'. Om 19.00 oere moat de âlde tradysje fan de Winterjûnenocht wer nij libben krije.
De tradysje fan de Winterjûnenocht komt út de 19de iuw, en fynt syn oarsprong by it duo fan Waling Dykstra (1821-1914) en Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906). De jûnen dy't de beide manlju mei oaren organisearren mei de orizjinele namme "de Winterjûnenocht", ûntwikkelen har yn inkele jierren ta in nagelnij sjenre, dat oant 1920 rûnom yn Fryslân te finen wie. De foardrachtsjûnen mei skriuwers en artysten wiene benammen tusken 1890 en 1895 populêr.
Yn 2018 is it de bedoeling dat dizze Winterjûnenocht werom komt, en dat hiel de provinsje meidocht oan it evenemint. Ek dizze kear sykje minsken inoar op yn wenkeamers en musea om ferhalen te fertellen. Dit kinne allerhande ferhalen wêze: in spannende leginde, in persoanlike foardracht, of bygelyks in ferhaal oer it monumint of in bysûnder erfstik.
Tattoo
Sargon Riadh (23 jier) is ien fan de ferhalefertellers. Syn ferhaal giet oer syn tattoo. Hy komt út Irak en wennet yn it asylsikerssintrum yn Sint-Anne. Op syn boarst hat er de god fan de sinne sette litten. Yn 2014 fernielde de terroristyske groep ISIS gebouwen fan de âlde beskaving, mei it idee om dy beskaving sa út de skiednis te skriuwen. "Mar troch de tattoo jou ik oan dat se soks noait stopje kinne. It âlde Mesopotamië bestiet yn ús." Hoewol't er sels ateïst is hat er foar dit religeuze symboal keazen as fertsjintwurdiging fan de âlde Mesopotamyske kultuer.
Tanker
Jessica de Haan út Grou stelt har hûs ek iepen. Oan de hân fan in skilderij fan in tanker, de 'Chevron Nederland', fertelt se oer har libben, dat se as krekt troude frou mei har man de wrâld oer fear op de grutte feart. Yn 1972 troude se. De earste reis gie nei Kaapstad. "Ik herinner me nog dat we een tunnel inliepen en dat er aan de ene kant een bord stond met "nie blank nie" en aan de andere kant met "nie zwart nie". Wij vonden dat heel raar." De reis duorre mei elkoar sân moannen. "Ondertussen zijn we drie keer verhuisd. Dit schilderij is altijd meeverhuisd en hangt al dertig jaar in de woonkamer bij ons aan de wand. En volgend jaar zijn we alweer 45 jaar getrouwd."
Wêr kinst hinne?
Der binne tsientallen lokaasjes en ferhalen om út te kiezen op dizze earste nije Winterjûnenocht. De online redaksje fan Omrop Fryslân hat in oersjoch makke fan alle lokaasjes dêr'tst op 26 jannewaris (fergees) hinne kinst om fuort te dreamen of om wat op te stekken:
Akkrum, Aldebiltsyl, Aldeleie, Aldemardum, Allingawier, Bears, Blauhús, Boalsert, Bûtenpost, Burdaard, Burgum, Damwâld, De Fochtel, De Gordyk, De Harkema, De Jouwer, De Lemmer, De Rottefalle, Deinum, Dokkum, Dolsterhuzen, Drachten, Drylts, Earnewâld, Easterein, Eastermar, Easterwâlde, Feanwâlden, Feinsum, Flylân, Friens, Frjentsjer, Furdgum, Grou, Gytsjerk, Hallum, Harns, Heech, Hijum, Hollum, Holwert, Houtigehage, Hylpen, Ie, It Hearrenfean, Jannum, Jelsum, Kimswert, Koarnjum, Koarnwertersân, Kollum, Langsweagen, Ljouwert, Makkingea, Marrum, Marsum, Moddergat, Nes, Nij Beets, Nijeberkeap, Nijhoarne, Noardburgum, Noardwâlde, Oerterp, Oranjewâld, Ousterhaule, Penjum, Riis, Rinsumageast, Seisbierrum, Sint-Anne, Sint-Jabik, Skiermûntseach, Snits, Steggerda, Stiens, Sumar, Tsjalbert, Twizel, Tytsjerk, Warkum, Warstiens, Warten, West-Skylge, Westergeast, Winaam, Wolvegea, Wommels, Wynjewâld, Wytmarsum en Ysbrechtum.
Folgje it by de Omrop!
Slagget it dy om watfoar reden dan ek net om op freedtejûn by in ferhaleferteller del te gean, gjin noed: Omrop Fryslân is live by it evenemint. Ferslachjouwers sille út fiif ferskate plakken rûnom yn de provinsje wei ferslach dwaan fan it evenemint en litte dy troch middel fan in livestream de ferhalen meibelibje. Sy binne ûnder oare te finen yn de Wettertoer fan Snits, yn it Earmhûs Museum yn Warten en op in bysûndere lokaasje tusken Egypte en Frankryk. De livestream fan Omrop Fryslân begjint om 20.00 oere en is te finen op de webside, app en de Facebookside fan Omrop Fryslân.