Reedrydster Mayon Kuipers set punt achter karriêre

22 jan 2018 - 14:26

Mayon Kuipers fan It Hearrenfean hâldt op mei reedriden. De 29-jierrige Kuipers ried dit wykein har lêste rit by de wrâldbeker yn Erfurt. Dêr waard se tsiende op de 500 meter en dat wie fuort har bêste útslach ea by in wrâldbeker.

Op it lêste Olympysk kwalifikaasjetoernoai einige Kuipers as fiifde en miste se mar krekt pleatsing foar de Olympyske Spelen. Har freon Freek van der Wart makke in pear wiken lyn bekend dat hy ophâldt mei shorttrack. Tegearre sille se no in reis meitsje nei Súd-Amearika.

Trefwurden: 
reedriden Mayon Kuipers
(advertinsje)
(advertinsje)