"Goed idee om pleechbern oant 21 by pleechâlden te hâlden"

It is in hiel goed idee om pleechbern oant har 21e by har pleechâlden wenje te litten. Dat seit Jeugdhelp Fryslân yn reaksje op it foarstel fan minister De Jonge fan folkssûnens. No meie pleechbern noch oant har 18e by de pleechâlden wenjen bliuwe. Dêrnei hâldt de fergoeding op. De minister wol dy leeftiid ferheegje nei 21 jier.
Maatwurk
Neffens him binne in hiel soad bern fan 18 jier der noch net oan ta om har sels rêde te moatten, foaral kwetsbere pleechbern net. Jan Lunshof fan Jeugdhelp Fryslân is dat folslein mei him iens. Hy pleitet foar maatwurk. Der moat per gefal besjoen wurde wannear't in pleechbern der oan ta is om it hûs út te gean. "Je sette je eigen bern ek net de doar út as se 18 wurde", seit Lunshof.
21 jier
Foar in soad pleechâlden fielt it hiel rot om de bern gean litte te moatten wylst se der net oan ta binne. Mar as der gjin finansjele fergoeding mear tsjinoer stiet, is it foar guon pleechâlden net mear te dwaan om it pleechbern te ûnderhâlden. Minister De Jonge wol de kommende tiid prate mei gemeenten, bern en pleechâlden oer it ferheegjen fan de opfangleeftiid nei 21 jier.