FIDEO: "Lekker, lekker, lekker" mei kroechbaas Jolke

22 jan 2018 - 13:25

Kroechbaas Jolke Nijenhuis (71 jier) is al sa'n fenomeen dat de band Bad Mood in ferske oer him makke hat. Foar it meitsjen fan in fideoklip wienen se yn syn kafee yn Terwispel. Yn 2012 wie Jolke alris te sjen yn Hea! Syn favorite útspraak is "Lekker, lekker, lekker..." En sa hyt it nûmer dan dus ek. De band makket gewoanwei alternative rockmuzyk, mar liet him foar dit nûmer troch Jolke ynspirearje. "Miskien wurdt it wol in karnavalshit", seit bandlid Eduard Rekker.

Jolke dronk earder altyd Amstelbier, mar is oerstapt op Heineken. Nei elke slok seit er "lekker, lekker, lekker". Hy fynt it geweldich dat in nûmer oer him makke is. "In barman dy't sels drinkt, kin wol, as jo de kop der mar by hâlde. Ik nim krekt genôch, jo moatte net te folle sûpe." Hy is alle dagen noch yn it spier, "der binne ek wolris dagen dat ik net wit wat ik doch." Mar hy tinkt der net om oan mei pensjoen te gean: "dit is myn hobby."

(advertinsje)
(advertinsje)