Biblioteek yn Blokhúspoarte is hast klear: tongersdei iepen

22 jan 2018 - 12:55

De biblioteek yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert is hast klear. Yn de eardere finzenis binne tsientallen boufakkers en ferhuzers noch drok dwaande mei de ynrjochting fan de nije biblioteek. De biblioteek giet tongersdei foar it earst iepen. Foar dy tiid moatte noch sa'n 80.000 boeken ferhuze wurde fan de tydlike  Pop-Up Byb oan it Saailân. Earder siet de byb yn it beursgebou, mar dêr komt de Ryksuniversiteit Grins yn.

De nije namme fan de bibleteek wurdt 'dbieb'. Neffens direkteur Hans van der Veen sprekst it wol gewoan út as 'de bieb' en is it fuortlitten fan de 'e' yn it wurd 'de' in fisueel grapke. "Het is een moderne bieb, één van de mooiste van Nederland, waar je op ontdekkingstocht kunt en verrijkt uit komt."

De offisjele iepening mei oanslutend in iepen hûs steane ein maart 2018 pland.

(advertinsje)
(advertinsje)