Skoalbern yn aksje tsjin 'plestik sop'

Skoallen yn Ferwerderadiel komme yn aksje tsjin 'plestik sop' yn de Waadsee. Bern fan basisskoallen, pjutteboartersplakken en it fuortset ûnderwiis út de gemeente dogge allegear mei oan in mienskiplik projekt 'Eb en Vloed'. Ien fan de ûnderdielen is om mei help fan keunstners, keunstwurken te meitsjen fan ôffal dat út de Waadsee komt. It projekt is moandei ôftrape yn sporthal De Heechfinne yn Ferwert.
It Eb en Vloed-projekt is bedoeld om bern yn Ferwerderadiel mear te belûken by de omjouwing dêr't se yn opgroeie. Troch dwersferbannen te lizzen tusken kultuer, sport, keunst en edukaasje wol it projekt ek oanslute by de mienskipsgedachte fan Kulturele Haadstêd.