DDFK-gemeenten ûndersykje komst autismekampus

22 jan 2018 - 12:08

De gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân litte ûndersykje oft der in autismekampus yn harren gebiet komme kin. It inisjatyf waard yn earste ynstânsje fanwege de kosten ôfblaasd, mar in projektlieder sil no dochs de mooglikheden ûndersykje. De kosten foar it ûndersyk binne sa'n 60.000 euro. De DDFK-gemeenten lizze 10.000 euro op it kleed, de rest fan it bedrach komt fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel en it Iepen Mienskipsfûns.

Yn Tsjalbert en Burgum binne al fan dizze nije foarmen fan deibesteging foar minsken mei autisme. Yn Drachten is in spesjaal Lyceum. De inisjativen moatte útfal fan jongerein mei autisme yn it fuortset ûnderwiis foarkomme.

Trefwurden: 
autismekampus DDFK
(advertinsje)
(advertinsje)