Partijnamme 'Heerenveen Lokaal' net op stimbiljet

22 jan 2018 - 11:47

De namme 'Heerenveen Lokaal' komt net op de stimbiljetten foar de gemeenteriedsferkiezingen op 21 maart. Dat die moandeitemoarn bliken út in útspraak fan de Ried fan Steat. De partij kin no allinnich mei in blanko list, dus sûnder partijnamme, meidwaan.

It sintraal stimburo woe de namme net registrearje om't de partij in dei te let wie mei it ynleverjen fan de papieren. Neffens de partij hie it stimlokaal hjir earst mei ynstimd, mar neffens de Ried fan Steat hie it buro dat net dwaan mochten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)