Iepening Leeuwarden-Fryslân 2018: wat bart wêr en wannear?

22 jan 2018 - 12:12

It is lang om let safier: freed 26 en sneon 27 jannewaris wurdt it jier fan Kulturele Haadstêd iepene. Freed is de iepening yn de hiele provinsje en sneon leit de klam op Ljouwert. Hjir fynst it programma, fan wat wêr en hoe let te sjen is.

Freed

Om 12.00 oere liede skoalbern Leeuwarden-Fryslân 2018 yn troch it liet 'Seis oere thús' te sjongen. Ek ferspriede se filmkes op Facebook mei de hashtag #2018begjint.

Fan 19.00 oant 22.00 oere wurde op tal fan plakken yn de hiele provinsje ferhalen ferteld, net inkeld yn sa'n hûndert musea, mar ek by in soad partikulieren thús. Minsken moetsje elkoar yn winterwaarme sfear om nei de ferhalen te harkjen.

Sneon

Tusken 13.00 en 15.00 oere litte bern yn ferskate Ljouwerter winkelsintra sjen wat se leard ha by it LF-projekt Adje Lambertz.

Tusken 19.00 en 21.00 oere binne yn de stêd priuwkes fan sechtich projekten dy't letter yn it jier te sjen binne lykas De Stormruiter. By de stedspoarten wurde besikers begroete troch Fryske hynders. Lân fan taal, yn it paviljoen OBE op it Aldehoustertsjerkhôf kinne minsken har ferwûnderje oer de rykdom fan meartalichheid. Der is muzyk fan it Oranjewoud Festival en '8ste dag' ynspirearret it publyk mei in kilometerslange 'flústerline'.

Fan 21.15 oant 22.15 oere is de offisjele iepening. Alle minsken komme by elkoar op trije pleinen: it Aldehoustertsjerkhôf, Gouverneursplein en it Wilhelminaplein. Dêr dogge hûnderten muzikanten en sa'n tûzen koarleden mei oan it LF-liet fan Nynke Laverman 'Seis oere thús'. Der binne optredens fan ûnder oare Nynke Laverman, Piter Wilkens en it Noord Nederlands Orkest. Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne dêr ek by en dogge de offisjele iepeningshanneling. 

Om 22.15 oere klinke oeral yn Fryslân op itselde momint de tsjerkeklokken.

Hoe is it folgjen?

Elkenien is fan herte útnûge om dit feest mei te meitsjen. Fansels docht Omrop Fryslân ek ferslach op radio, telefyzje en ynternet. De iepening is by AVROTROS op NPO1 te sjen fan 21.35 oere ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)