Cambuur: Schokker en Nienhuis

11 jun 2012 - 11:57

Oebele Schokker en Leonard Nienhuis spylje it kommende seizoen foar SC Cambuur. De 27-jierrige Schokker komt oer fan Harkemase Boys. Hy tekenet in kontrakt foar twa jier. Yn de jeugd hat de ynwenner fan Nijhoarne ek al yn de Cambuurkleuren spile.

Keeper Leonard Nienhuis (22) wurdt foar ien seizoen hierd fan FC Grins. It ôfrûne seizoen stie er ûnder de latte by SC Veendam. Nienhuis moat de striid by de Ljouwerters oangean mei Dennis Telgenkamp, de keeper dy't hierd wurdt fan Heracles Almelo.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)
(advertinsje)