Dongeradiel gunt ljochtplan Markt Dokkum oan Philips

22 jan 2018 - 11:30

De gemeente Dongeradiel wol foar in diel fan de werynrjochting fan de Markt yn Dokkum ôfwike fan de oanbestegingsregels. Gewoanwei moatte gemeenten bedragen boppe 50.000 euro mearfâldich oanbesteegje. Yn dit gefal wol de gemeente de iepenbiere ferljochting foar 116.000 euro oanlizze litte troch Philips Lighting.

Fanwegen it komplekse en unike karakter fan it wurk, dat bestiet út fjouwer ljochtmêsten fan trettjin meter heech, soe Philips it iennige bedriuw wêze dat it wurk binnen de planning dwaan kin. As Dongeradiel it wurk iepenbier oanbesteegje moatte soe, dan rint it projekt fertraging op mei ekstra kosten as gefolch.

Underdiel fan de werynrjochting fan it plein is de oanlis fan ien fan de alve fonteinen yn Fryslân yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018.

Trefwurden: 
Dokkum Markt Dongeradiel
(Advertinsje)
(Advertinsje)