Gjin opnamestop by ferslavingssoarch Fryslân

Alkohol © Omrop Fryslân
De opnamestop fan ferslaafden yn Grinslân en Drinte hat gjin gefolgen foar kliïnten yn Fryslân. Ferslavingssoarch Noard-Nederlân nimt foarearst gjin nije kliïnten oan yn de fêstigingen yn Winschoten en Emmen. Der binne dêr op dit stuit te min psychologen en psychiaters om alle ferslaafden dy't har melde, helpe te kinnen. Ferslavingssoarch besiket om alle nije kliïnten binnen fjouwer oant seis wiken yn behanneling te nimmen.
Ferslavingssoarch Noard-Nederlân is dwaande mei it oannimmen en oplieden fan nije meiwurkers om de wachtlist wer fuortwurkje te kinnen. It oantal minsken dat har by ferslavingssoarch meldt mei in fersyk om help, is de lêste twa jier mei tsien persint tanommen.