Auto rydt de sleat yn by knooppunt It Hearrenfean

22 jan 2018 - 09:24
In auto bedarre by it klaverblêd by It Hearrenfean yn 'e sleat - Foto: CAMJO Media

In autobestjoerder is moandeitemoarn yn in sleat bedarre op de A32, by knooppunt It Hearrenfean. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de auto fan de dyk en yn it wetter. De brânwacht, dûkteams en in traumateam waarden oproppen, mar de bestjoerder wie al út de auto doe't de helptsjinsten teplak wiene. It slachtoffer is dêrnei op ferwûningen kontrolearre troch it ambulânsepersoniel. It is noch net dúdlik hoe't it slachtoffer der oan ta is.

(advertinsje)
(advertinsje)