Panyk op Noarsk jacht
In Noarsk motorjacht is sneintejûn tusken It Amelân en Skylge fêstrûn. De bemanning rekke yn panyk en skeat in fjoerpylk ôf. Se lieten ek in alarmsinjaal útgean.
Rêdingsboat Anna Margaretha fan It Amelân kaam de Noaren te help. It 33 meter lange jacht is nei it eilân ta sleept. De bemanning doarde net fierder te farren.