Lichem fûn yn sleat Hurdegaryp

22 jan 2018 - 08:56
  • Lichem fûn yn sleat Hurdegaryp

Yn in sleat lâns de Simmerwei by Hurdegaryp is moandeitemoarn in deade persoan fûn. Neffens de plysje giet it om in man. De plysje docht ûndersyk nei de identiteit en de deadsoarsaak. It lichem is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. Dêr wurdt it neier ûndersocht.

UPDATE: It lichem is yndie fan in man. Nei ûndersyk slút de plysje in misdriuw en in ûngelok út.

(advertinsje)